13312910_1701000706787285_1746267870854272558_n 12717592_1651973705023319_3349903815602960900_n 14479644_1751077048446317_413079422571069707_n

Ik bin opgroeid op in ikkerboubedriuw op de Fryske klaai mei poatierappels as haadtûke. Op it bedriuw waarden ek biten, nôt en sipels ferboud. Om’t ik in brede ynteresse haw yn de lânbousektor bin ik nei myn oplieding op de middelbere lânbouskoalle fiif jier nei Kanada gien.

Yn Kanada waard my wol dúdlik dat it der mei de meganisaasje oars om en ta giet as yn Nederlân. Alle wurk wurdt dêr yn eigen behear dien. Ûnderhâld en reparaasjes waarden troch it bedriuw sels dien. Dat fûn ik nijsgjirrich en ik haw der in soad fan opstutsen. Werom yn Fryslân krige ik wurk by in poaterbouwer en dêrnei by in leanbedriuw. De masines holden myn belangstelling.

No haw ik dan dochs de stap set om foar mysels te begjinnen en dêryn fierder te gean mei de meast foarkommende wurksumheden oangeande leanwurk en meganisaasje.

Mark Wiersma